Wer rekôr Antoinette de Jong

Antoinette de Jong © ANP
De 18-jierrige Antoinette de Jong hat yn Salt Lake City har wrâldrekôr junioaren op de 3000 meter ferbettere. Ferline wike yn Calgary pakte se dat rekôr mei 4.00.56 en waard se fjirde. No ried se 3.59.49 en stie se op it poadium mei winneres Martina Sábliková, winst yn 3.57.79 en nûmer twa Claudia Pechstein mei 3.57.80.
Yvonne Nauta ried presys deselde tiid as in wike lyn: 4.03.50. Yn Calgary wie dat goed foar it sechsde plak, no waard se alfde. Jorien Voorhuis (3.59.51) waard fjirde, Linda de Vries (4.01.00) fiifde, foar beide in pr.