Lintsje foar lid Hosanna

Lintsje © ANP
De 77-jierrige Ype Reinsma út Achlum hat freedtejûn in kenklike ûnderskieding krigen. Reinsma waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Dat waard dien by in jubileumkonsert fan kristlike muzykferiening Hosanna yn Wûns. Reinsma spilet al 63 jier by de feriening, ek reparearret er ynstruminten en siet er in skoftke yn it bestjoer.
Reinsma is ek aktyf by it doarpshûs yn Achlum. Hy krige de ûnderskieding opspjelde troch boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel.