Douwe begjint kryststjoerder

15 nov 2013 - 21:14

Douwe Heeringa begjint snein in eigen ynternetradiostjoerder. Op it kanaal is de kommende tiid krystmuzyk te hearren. It giet dan om klassikers as it Weihnachtsoratoarium fan Bach en The Messiah fan Händel, mar ek ûnbekender wurk út bygelyks Ruslân of Yndonezië is der te hearren.

De stjoerder hat de namme KrystmeiDouwe krigen en is sa ek te finen op ynternet. Dat kin neidat snein yn it radioprogramma Mei Douwe it offisjele startsein foar de stjoerder jûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)