Jorritsma stipet Van der Zwan

15 nov 2013 - 19:48
  • Provinsjehûs yn Ljouwert

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean hat om de júste reden ûndersyk dwaan litten nei it mailferkear fan syn wethâlder Age Hartsuiker. Dat fynt kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Neffens Jorritsma wie der gjin oare manier om te achterheljen oft Hartsuiker mail dy't allinne bestimd wie foar it kolleezje trochstjoerd hat nei syn fraksjegenoaten fan GemeenteBelangen. Ynformaasje út de mail ferskynde letter yn de Ljouwerter krante.

De kommissaris is troch boargemaster Van der Zwan sels op 'e hichte brocht fan de sitewaasje.

Oer de flater dy't de boargemaster makke hat by it ûndersyk hat de kommissaris gjin oardiel. Van der Zwan liet in eigen amtner nei de mail sjen, wylst dat troch in ekstern buro dien wurde moat. De kommissaris fynt dat in saak foar de gemeenterie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)