Eksposysje '100 jier kondins'

15 nov 2013 - 19:07
  • De wurkkeamer fan direkteur Sietze Hepkema
  • Op in soad produkten steane ôfbyldings fan Fryske kij
  • Biedwurd fan Hepkema, de earste direkteur fan ccFriesland

Yn it kondinsfabryk yn Ljouwert is freed in permaninte eksposysje iepene om te betinken dat it fabryk op de kop ôf 100 jier lyn begûn om út te groeien ta it hjoeddeiske koöperative konsern FrieslandCampina. Hichtepunt fan de eksposysje is de orizjinele wurkkeamer fan Sietze Hepkema, de man dy't fan 1913 oant 1951 38 jier lang lieding joech oan it doetiidske 'CCFriesland'

De eksposysje waard freed iepene troch Frits Hepkema, in pakesizzer fan de earste direkteur, foarsitter Piet Boer en direksjefoarsitter Jarig Langhout.

It fabryk fan FrieslandCampina yn Ljouwert is ien fan de grutste produksjebedriuwen fan kondinsearre molke op de wrâld. Der wurdt alle jierren mear as ien miljard kilo molke ferwurke. De kommende tiid wurdt it fabryk yn Ljouwert foars útwreide, sadat yn de takomst noch mear molke ferwurke wurde kin. FrieslandCampina hat in lytse 20.000 meiwurkers. De molke komt fan sa'n 20.000 leden-molkfeehâlders. De freed iepene eksposysje is festige yn it kondinsfabryk en sadwaande allinnich tagonklik foar meiwurkers en gasten fan FrieslandCampina.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)