Gjin betrouwen yn Hartsuiker

15 nov 2013 - 18:34

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean ûntkent dat de gemeentlike mail fan wethâlder Age Hartsuiker ynhâldlik besjoen is. Van der Zwan seit dat yn reaksje op beskuldigings fan GemeenteBelangen, de partij fan Hartsuiker. Van der Zwan jout wol ta dat sjoen is oft Hartsuiker mail trochstjoerd hat nei syn fraksjeleden. It giet dan om mail dy't allinne foar it kolleezje bestimd wie.

Neidat ynformaasje út de mail yn de krante bedarre wie, begûn Van der Zwan in ûndersyk. Dêryn ûntkende Hartsuiker dat er ynformaasje trochspile hie.

Omdat oan dy ûntkenning twifele waard, waard nei syn mailferkear sjoen. Dêrút die bliken dat er de mail dochs trochstjoerd hie nei syn fraksje. Neffens Van der Zwan hat Hartsuiker tajûn dat er ferkeard hannele hat. Hy soe dêrop syn ûntslach oankundige hawwe. Freed kaam er dêr lykwols op werom, hy sit no siik thús.

Van der Zwan lit wol witte dat de gemeente in flater makke hat by it ûndersykjen fan de mail. Dat is dien troch in meiwurker fan de gemeente, wylst dat troch in ekstern buro dien wurde moat. De oare kolleezjeleden hawwe neffens Van der Zwan gjin betrouwen mear yn Hartsuiker, sy fine dat er fêsthâlde moat oan syn ûntslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)