'Riedsleden bespionearre'

15 nov 2013 - 16:40

Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean hat yn 'e e-mailboksen fan riedsleden sjoen. Dat seit Gemeentebelangen Hearrenfean. Neffens de fraksje binne riedsleden 'bespionearre' en is ek 'harren kontakten mei tredden yn byld kaam'.

De boargemaster soe wethâlder Age Hartsuiker fan Gemeentebelangen op 'e hichte brocht hawwe fan in breed ûndersyk fan de mailboksen. Doel soe west hawwe om sa derachter te kommen wa fan Gemeentebelangen amtlike ynformaasje oer begruttingsfoarstellen fan de VVD en de PvdA nei de Ljouwerter Krante lekt hat.

It giet om in brief dy't Hartsuiker trochstjoerd hat oan syn fraksje. Neffens de fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen Danny Micola von Fürstenrecht hat boargemaster Van der Zwan de wethâlder frege op te stappen. De fraksjeleden fan Gemeentebelangen binne poer en se sille oanjefte dwaan. Wethâlder Hartsuiker sit yntusken siik thús. De gemeente Hearrenfean jout freedtemiddei in parsekonferinsje. Oant dyt tiid wolle se gjin kommentaar jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)