Himpkwekerij yn Poststrjitte
Yn de Poststrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in himpkwekerij mei goed sânhûndert planten ûntdutsen. De kwekerij siet op in souder. Yn it gebou wie gjinien oanwêzich. De stroom foar de wytkwekerij waard yllegaal ôftape by in gebou yn de Grutte Heechstrjitte.
In spesjalisearre bedriuw hat de planten en de apparatuer fan de himpkwekerij ôffierd. De plysje docht ûndersyk nei de saak.