Nije muorre Wortelhaven Dokkum

15 nov 2013 - 14:47

De renovaasje fan de wâlskanten fan de Wortelhaven yn Dokkum is freed offisjeel oplevere. It ôfrûne jier binne de muorren opknapt, omdat se yn minne steat wiene. It opknappen moast op in spesjale manier dien wurde, om foar te kommen dat de omlizzende huzen skea oprûnen. Der koe nammentlik net heid wurde. Oannimmer Oosterhof Holman betocht der in spesjale manier foar.

Om te fieren dat it wurk klear is, hawwe wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel en direkteur Beerda fan Oosterhof Holman in spesjale stienplaat ûntbleate.

Trefwurden: 
Dokkum Wortelhaven
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)