Karmerk feilige studintekeamer

15 nov 2013 - 12:56

De gemeente Ljouwert wol dat studintekeamers en apparteminten yn de binnenstêd tenei in karmerk krije. Dêrmei is dúdlik dat se oan alle feilichheidseasken foldogge. De wenten moatte foar it karmerk wol faker kontrolearre wurde. Troch yngewikkelde regeljouwing bart dat no noch net.

Yn oktober foel by in grutte brân yn Ljouwert in deadlik slachtoffer. De man wie in bewenner fan in studinte-appartemint. De gemeente Ljouwert wol mei it nije karmerk it betrouwen as feilige stúdzjestêd weromkrije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)