Stjertesifer sikehuzen heger

15 nov 2013 - 12:08

De kâns om yn in Frysk sikehûs te stjerren is krekt wat heger as it lanlik trochsneed. Yn in nij ûndersyk wurde sikehuzen beoardiele nei in Britsk rekkenmodel. It trochsneedsifer is fêststeld op 100. De Fryske sikehûzen skoare krekt wat heger as dy 100.

It MCL yn Ljouwert sit op 110 en De Tsjongerskâns op It Hearrenfean op 116. De direksje en de medyske stêf dêr binne skrokken fan de hege skoare, om't dy earder ûnder it trochsneed lei. It soe te krijen hawwe kinne mei hoe't stjerte registrearre wurdt, mar se sjogge ek nei de soarch

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)