Jacobi kin yn gemeenteried

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat by de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert safolle foarkarstimmen krige dat sy in sit krije kin yn de gemeenteried. Dat is freedtemoarn bekend makke by it fêststellen fan de ferkiezingsútslach op it stedshûs troch boargemaster Crone.
Piet van der Wal fan Pal/GrienLinks krige ek in soad foarkarstimmen. De nûmer sân op de list krijt no dochs de mooglikheid om plak te nimmen op ien fan de fjouwer stuollen dy't de partij helle hat.
Feriene Lofts hie krekt te min stimmen foar in sit. Ut nij ûndersyk docht no bliken dat se met help fan restsitten dochs yn de ried komme kinne.