Wüst lit 3 kilometer sjitte

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst komt freed net yn aksje op de 3 kilometer by de wrâldbekerwedstriid yn Salt Lake City. Wüst fynt it net ferstannich om dizze ôfstân te riden nei in drokke perioade mei in soad races. Se sil wol oan 'e start ferskine op de 1000 en 1500 meter.
'Even verstandig zijn, geen 3 km Essent ISU World Cup voor mij. 8 races in 10 dagen op hoogte too much', twittere Wüst freedtemoarn. Ferline wike yn Calgary stie se op fjouwer ôfstannen oan de start. Har plak op de 3 kilometer sil ynnommen wurde troch Annouk van der Weijden.