Net Boer, mar De Jong op 1500

14 nov 2013 - 19:33

Net Margot Boer, mar Antoinette de Jong ferfangt sneon Marrit Leenstra by de wrâldbekerwedstryd op de 1500 meter yn Salt Lake City. Yn earste ynstânsje wie Boer as ferfanger fan de sike Leenstra nei foaren skood, mar Boer komt ek al yn aksje op de 500 en 1000 meter. Boppedat binne de 500 meter en de 1500 meter beide op sneon. Dêrom sjocht Boer ôf fan de 1500 meter.

Douwe de Vries komt ek yn aksje yn Salt Lake City. Hy is snein de ferfanger fan Koen Verweij op de 5000 meter. Ek Verweij siet mei in te drok programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)