Brêge yn Frjentsjer opknapt

14 nov 2013 - 18:44

De Stasjonsbrêge yn Frjentsjer wurdt mids 2015 ferfongen troch in nije brêge. Dy wurdt breder, langer en heger as de besteande. De besteande brêge is hielendal ynein en kin net mear opknapt wurde. Dêrom mei der ek gjin frachtferkear mear oerhinne. It wurk sil nei alle gedachten in jier duorje.

Auto's moatte dan omride oer it westlik yndustryterrein en de nije rûnwei. Foar fytsers en kuierders wurdt in oplossing socht. Der wurdt tocht oan in pont of needbrêge yn it kanaal, flakby it sintrum. De nije brêge kostet goed 8 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)