Stenden wint hoarekapriis

14 nov 2013 - 15:13

Kok en dosint Albert Kooy fan de Ljouwerter hegeskoalle Stenden is troch hoareka-organisaasje Misset Horeca útroppen ta de bêste manager ûnderwiiscatering. De sjuery wie te sprekken oer syn gastfrije wurkwize yn it restaurant fan de skoalle.

Kooy wol dat der mear griente en minder fleis iten wurdt, en dat yn de keuken produkten fan it seizoen en yngrediïnten sûnder E-nûmers brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)