Liet foar behâld Swarte Pyt

In striidliet fan de Fryske sjonger Jeroen 'Baba' Wijnand foar it behâld fan Swarte Pyt docht it goed op ynternet. De sjonger út Wergea sette it ferske tiisdeitejûn op YouTube en no is it al goed 1700 kear besjoen. Neffens Baba stiet it yn de belangstelling, omdat er sels in donkere hûdskleur hat.
Baba hat der argewaasje fan dat elkenien mei in donkere hûdskleur tsjin Swarte Pyt wêze soe. Hy sjocht it meitsjen fan in kommersjeel ferske as in soartemint fan protest tsjin it ferdwinen fan Swarte Pyt.