Geweld by truckrûzje op A7

© www.stock.xchg
Twa Fryske frachtweinsjauffeurs binne woansdei oanhâlden foar in ferkearsrûzje op de A7 by Nuis. Se soene in frachtauto fan in Dútske sjauffeuze klemriden hawwe, sadat dy stil kaam te stean op de sneldyk. Dêrnei sloegen se mei in hammer tsjin har truck oan. De lilke frou sloech dêrop mei in staaf de achterlampen fan de frachtauto's fan de manlju stikken. Dy joegen har klappen en naaiden út.
De plysje hat de iene fertochte op in parkearplak oanhâlden, de oare thús. De manlju binne 66 en 47 jier en se komme út Súdwest-Fryslân en Boarnsterhim.
Beide fertochten sitte fêst foar ûndersyk nei geweld en ferbale bedrigings. De Dútske sjauffeuze rekke ferwûne oan de pink. Se moast dêrfoar behannele wurde yn it sikehûs. De frou hat oanjefte dien. Troch it ynsidint ûnstie in koarte file op de sneldyk.