Nije spilers foar de Flyers

Iishockeyklup Unis Flyers hat mei yngong fan fuortendaliks oanfaller Levi Houkes fan HYS Den Haag oernaam. Dat betsjut dat Bert van den Braak by de klup wei moat. Van den Braak hat nei in stikkene kûtbonke syn âlde nivo net wer helle. Levi Houkes heart al in pear jier ta de bettere oanfallers en spilet al goed fiif jier yn it nasjonale team.
De Flyers hawwe boppedat oanfaller Jade Galbraith oanhelle. Hy komt út Kanada en spilet no yn Glasgow. Earder spile er foar de Nottingham Panters en foar Dútske klups.