CDA wint in sit yn Ljouwert

14 nov 2013 - 02:54
  • Peetoom en Buma op de útslaggejûn yn it Ljouwerter stedskantoar

It CDA krijt net fiif mar seis sitten yn de nije gemeenteried fan Ljouwert. By it ferdielen fan de restsitten yn de nacht fan woansdei op tongersdei krigen de kristendemokraten der noch in sit by. Dy ekstra sit gie ten koste fan D66. Dy krijt yn de nije ried fan Ljouwert no fjouwer sitten yn plak fan fiif.

De krekte ferdieling fan sitten yn de ried fan Ljouwert is no PvdA 12, CDA 6, D66 4, NLP 4, PAL-GrienLinks 4, VVD 4, ChristenUnie 2, FNP 2 en Feriene Lofts 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)