Samsom bliid mei útslach

14 nov 2013 - 01:07
  • Samsom op kampanje op It Hearrenfean

PvdA-partijlieder Diederik Samsom hie woansdei in moaie jûn by de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert. Samsom sei dat woansdei yn in earste reaksje tsjin Omrop Fryslân. Koart nei it bekend meitsjen fan de útslach troch boargemaster Crone kaam Samsom der yn om de Ljouwerter PvdA-ôfdieling te lokwinskjen. De PvdA waard by de ferkiezings opnij de grutste partij yn Ljouwert en Hearrenfean, en dat is krekt wêr't Samsom op hope hie.

Samsom lokwinske D66 mei de winst yn Fryslân en sei it spitich te finen dat de VVD ferlear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)