Feiterelaas Thialf frijjûn

13 nov 2013 - 21:43
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

Deputearre Steaten ha it saneamde feiterelaas oer in nij Thialf frijjûn. Yn it stik steane alle data en feiten yn it proses fan de bou fan it nije iisstadion op It Hearrenfean. Dat begjint mei it opstarten fan de earste ûndersyksgroep yn maart 2008 en rint troch oant septimber dit jier, wannear't de advokaat fan Thialf meldt dat der gjin heger berop komt tsjin it beslút fan de KNSB om Icedôme as nasjonale topsportlokaasje oan te wizen.

It feiterelaas is frijjûn nei krityske fragen yn de Steaten oer de rol fan deputearre Konst.

Guon partijen fûnen dat deputearre Hans Konst de Steaten ferkeard foarljochte hie yn it debat. Sa soe er stil holden hawwe dat der in wedstriid komme soe tusken it nije Thialf, Icedome yn Almere en it Transportium yn Zoetermeer. Neffens Deputearre Steaten docht út it feiterelaas bliken dat dizze beskuldiging net kloppet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)