FrieslandCampina yn Filipinen

FrieslandCampina © ANP XTRA
Festigings fan suvelbedriuw FrieslandCampina op de Filipinen ha gjin skea oprûn troch de orkaan Haiyan. Dat meldt Boerderij woansdei. It suvelbedriuw hat sûnt ferline jier 97,7 prosint fan de oandielen fan it Filipynske bedriuw Alaska Milk yn hannen. De festigings fan dit bedriuw sitte lykwols benammen yn en om de haadstêd Manilla, dêr't de orkaan net foar in soad skea soarge.
FrieslandCampina stipet de troffen meiwurkers en ûndersiket de mooglikheden om mei te helpen oan de helpferliening.