Aksjeplan Dokkumer binnenstêd
Dokkum moat ek yn de takomst oantreklik bliuwe foar it winkeljend publyk. Om dat foarelkoar te krijen hawwe de gemeente en ûndernimmers in aksjeplan opsteld om de konkurrinsje mei it keapjen op ynternet oan te gean. Yn dat aksjeplan stiet dat Dokkum folle mear in beleving wurde moat. De histoaryske binnenstêd soe de grutte lûker wurde moatte.
Dokkum komt mei in grutte promoasjekampanje om dat te realisearjen. Ek binne der ôfspraken makke oer de oanpak fan leechstân en bettere parkeargelegenheid yn it sintrum.