Plan 'Dark Sky Park' op Skylge

13 nov 2013 - 17:30

De gemeente Skylge stiet posityf foar it 'Dark Sky Park'-projekt fan fakânsjepark Tjermelân oer, mar stelt feroarings oan de strjitferljochting foarearst út. In Dark Sky Park is in gebiet dêr't it nachts folslein tsjuster is en dêr't minsken nei stjerren sjen kinne.

Toulûker Melis de Vries fan Tjermelân hat in fersyk by de gemeente dellein om de ferljochting yn it eastlike natoergebiet de Boschplaat oan te passen. Hy wol dat de strjitferljochting om it gebiet oanstjoerd wurdt troch bewegingssensoaren om oan de betingsten te foldwaan.

Wethâlder Teun de Jong fynt it in moai inisjatyf, mar seit dat de gemeente yn 2015 yn it ramt fan duorsumheid de ferljochting op it eilân yntegraal oanpakke wol. Yn 'e hiele wrâld binne no tsien Dark Sky Parken. Yn Nederlân besteane sokke parken noch net, mar der lizze no plannen foar Skylge en it Lauwersmargebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)