Munysjeresten op Skylge

Munysjeresten op Skylge © Plysje Skylge
Troch de stoarm binne der de ôfrûne wiken in soad munysjerêsten fûn yn natoergebiet De Noordvaarder op Skylge. It gebiet tsjinne yn it ferline as oefenterrein foar definsje, wêrtroch't noch in soad oefenbommen lizze. Dit binne spesjale eksimplaren dy't net ûntploffe lykas echte bommen, mar wol gefaarlik binne. Hurde wyn soarge derfoar dat ûnder it sân munysjerêsten bleat kaam te lizzen. Dizze fynsten moatte meld wurde by de plysje, dy't it gebiet ôfset foar kuierders. De loftmacht komt nei it eilân om de resten op te romjen.