Nij type helikopter op dak MCL

13 nov 2013 - 16:40

Definsje hat woansdeitemiddei in proeflâning makke mei in nije helikopter op it dak fan it MCL sikehûs yn Ljouwert. It giet om de NH-90 helikopter. Yn de takomst sil dizze fleanmasine de SAR helikopter dy't no brûkt wurdt ferfange. Mar it nije model is folle grutter. Dêrom is sjoen oft in lâning problemen opsmyt. De test is neffens in wurdfierder fan it sikehûs goed slagge. Wannear't de nije helikopter krekt ynset wurde sil, is noch net dúdlik. Definsje wie net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
MCL definsje SAR helikopter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)