Gjin problemen stimburo Grou

Yn Grou binne woansdei gjin problemen mei it stimmen foar de gemeenteferkiezings. Ofrûne wykein die bliken dat 263 stimpassen net besoarge wiene by ynwenners fan Grou. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert kaam woansdei sels nei Grou om te sjen hoe't it gie.
Op it lêste momint hat elk noch in stimpas krigen. Grou heart no noch by Boarnsterhim, mar giet 1 jannewaris oer nei de gemeente Ljouwert.