Kabelkrante Skylge hâldt op

13 nov 2013 - 15:55
  • De Brandaris op Skylge

De Kabelkrante fan Skylge hâldt 1 jannewaris 2014 op. Tsjinfallende ynkomsten troch minder advertearders is foar de Eiland-Pers de reden om de stekker der út te lûken. Sûnt ferline jier wie de kabelkrante ek yn in diel fan Fryslân te ûntfangen, om't de krante opnaam wie yn it digitale pakket fan Ziggo. Dat soarge lykwols ek foar hegere fêste lêsten.

It ophâlden soarget foar in soad teloarstelde reaksjes fan eilânbewenners, meldt in wurdfierster fan de Eiland-Pers. Se tinke nei oer it bringen fan nijs op in oare wize, fia sosjale media.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)