SP tsjin sâltwinning Waad

13 nov 2013 - 12:43

De steatefraksje fan de SP wol dat der gjin sâlt wûn wurdt yn it Waadgebiet. De partij basearret him dêrby op in rapport fan it Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). Dat stelde dizze wike dat de sâltwinning grutte gefolgen foar ûnder oaren de mients (kanoet) hat. It ferlies foar dizze fûgel soe op sa'n 10.000 komme, in kwart fan de totale populaasje.

De SP fynt dan ek dat de oanfraach foar de sâltwinning fan Frisia net honorearre wurde moat.

Trefwurden: 
sâltwinning SP Waad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)