Opkomst noch net heech

13 nov 2013 - 12:12

De opkomst foar de ferkiezings foar de nije gemeenterieden foar Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren is noch net heech. Nei in wat matte kampanje, dy't foaral opfoel trochdat der in soad lanlike politike kopstikken wiene yn Fryslân, mei in tredde fan de Friezen woandei stimme. Op It Hearrenfean hie om 13.00 oere 15 prosint stimd. Dat wie 3 jier lyn om dy tiid 4 prosint heger. De opkomst yn Ljouwert wie 13 prosint om 15.00 oere.

De Fryske Marren skoart it bêste mei hast 24 prosint om dyselde tiid. Minsken kinne oant 21.00 oere stimme.

De opkomstsifers by de gemeenteriedsferkiezings yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren binne noch altyd leger as de sifers by de ferkiezings trije jier lyn. Op It Hearrenfean hie om 16.00 oere 25 prosint syn stim útbrocht. Dat wie 3 jier lyn om dy tiid 4 prosint heger. De opkomst yn Ljouwert wie hast 18 prosint om 16.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)