Grien monumint op de Kelders

Tsjin de stekken foar de ôfbaarnde gebouwen oan de Kelders yn Ljouwert is in fertikale tún mei flessen mei blommen pleatst. It saneamde griene monumint is in inisjatyf fan de Ljouwerters Saraï Zijlstra en Henrike Gootjes. Doel is dat minsken der in plakje hawwe om stil te stean by de brân en de gefolgen derfan. De twa inisjatyfnimmers freegje foarbygongers om ek in flesse mei blommen oan it monumint te hingjen of dizze wetter út de stêdsgrêft te jaan.