Harkrûte yn Fries Museum

13 nov 2013 - 10:58

It Fries Museum komt dit seizoen mei in harkrûte. Met dizze non-stop lûdskuier fan in oere kin it publyk it museum op in nije wize belibje. In bekende Nederlanner liedt de besiker rûn mei ferhalen, ynterviews en muzyk troch it hiele gebou. De skiednis fan it museum, de meiwurkers, bysûndere foarfallen en ferburgen ferhalen komme oan bar. De rûtes wurde ferhierd oan de kassa en binne te downloaden as app.

Neist it Fries Museum dogge de Kunsthal yn Rotterdam, museum Beelden aan Zee yn Den Haag en it Van Abbemuseum yn Eindhoven mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)