Nij talint beloften Heerenveen

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat in nije spiler, Oussama Tannane. Hy is foar hast oardel jier fêstlein mei in opsje foar noch in seizoen. De oanfaller (17) spile earder by de beloften fan PSV. Ek op It Hearrenfean komt er by de beloften. Tannane spile earder by Ajax en FC Utrecht. Hy kin op beide kanten goed út de fuotten en ek kin er in sintrale rol achter de spits spylje. Wannear't Tannane debutearret, is noch net dúdlik. By it bûn moat noch dispensaasje frege wurde foar syn oerskriuwing.