Fryske militêren nei Maly

De spanning rint op by de Fryske militêren dy't op fredesmissy nei Maly sille. Yn desimber giet de earste lichting fan sa'n hûndert militêren nei it Afrikaanske lân. Dêr is in boargeroarloch geande en de VN wol yngripe. Begjin dizze moanne waard dúdlik dat ek Nederlân in bydrage oan de missy leveret. Mei-inoar gean 400 Nederlânske militêren nei Maly.
Foar ferslachjouwer Margaretha van der Wal komt Maly wol hiel tichtby. Har freon sil meidwaan oan de missy. Dêrom hat se in reportaazje makke oer hoe't de achterbliuwers omgean mei de spanning.
Fanwege de feiligens wurde der gjin nammen neamd. Margaretha praat mei har skoansuske en ek mei freondinne Jettie van der Sluis. Jettie hat it allegearre al ris meimakke. Har freon siet in healjier yn Afganistan. Yn de moannen dat er fuort wie, hie Jettie ien grutte eangst. Dat er net libben weromkomme soe.