'Wetterbelesting net omheech'

12 nov 2013 - 15:46

De oerheid moat de wetterbelesting net ferheegje foar ûndernimmers yn it midden -en lytsbedriuw en agraryske ûndernimmers. Dat seit foarsitter Geart Kooistra fan lânbouorganisaasje LTO yn Fryslân. In mearderheid fan de regearingspartijen yn de Keamer stipet in kabinetsplan om de belesting op liedingwetter te ferheegjen. Dêrmei hopet it kabinet goed 200 miljoen euro op te heljen. Hoewol it kabinet ûndernimmers heechút 1200 euro yn 't jier betelje litte wol foar it liedingwetter, is Kooistra net bliid mei it nije wetterbelestingplan.

De lânbousektor hat earder te krijen hân mei ekstra kosten troch maatregels fan it kabinet. Dat moat no in kear oer wêze, fynt Kooistra.

Trefwurden: 
LTO lânbou wetterbelesting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)