Fryske 'tekst-to-speech'

Foar minsken dy't min sjogge of min Frysk lêze kinne, is der ynkoarten in Frysk 'tekst-to-speech' programma. Dat programma lêst de tekst fan in webside foar. Afûk en Readspeaker hawwe it programma ûntwikkele. Tekst-to-speech is bedoeld foar bedriuwen en ynstellings mei Fryske teksten op 'e webside.
It programma is ek beskikber foar partikuliere brûkers. De Fryske fariant wurdt ein novimber offisjeel yn gebrûk naam.