Wurk oan de Heak is begûn

01 feb 2012 - 14:14

It wurk oan de Heak om Ljouwert is offisjeel begûn. Yn de kommende jierren wurde de Werpsterhoeke, it krúspunt by Wurdum yn de A32 en in stik Wâldwei by Ljouwert flink op de kop goaid. Der komme 23 brêgen, tunnels en rotondes by. De Werpsterhoeke wurdt goed 12 meter ophege en moat in moderne terp wurde. It doel is dat it ferkear en de bewenners der amper lêst fan hawwe. Om elkenien goed ta te rieden op mooglike oerlêst binne der ferskate byienkomsten foar omwenners pland. De earste is woansdeitejûn yn Wurdum. De Heak moat ein 2014 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)