Kwart Friezen hie PVV stimd

© ANP
In kwart fan de Friezen dy't woansdei stimme mei, hie syn stim jûn oan de PVV as dy meidien hie oan de ferkiezings. Dat blykt út de enkête dy't EénVandaag en Omrop Fryslân holden ûnder 500 ynwenners fan de takomstige gemeenten Hearrenfean, Ljouwert en De Fryske Marren.
Rom 80 prosint fan de Friezen hat gjin betrouwen yn it kabinet. In grutte mearderheid hat gjin betrouwen yn Mark Rutte. Rom 60 prosint seit in goed byld te hawwen fan de politike problemen yn de eigen gemeente, al hat mear as de helte amper belangstelling foar gemeentepolityk.