FNP siket stipe Omrop Fryslân

Omrop
De steatefraksje fan de FNP siket Europeeske stipe foar de takomst fan Omrop Fryslân. De partij sil yn febrewaris in moasje yntsjinje yn de gearkomste fan de Europarlemintspartij European Free Alliance. Neffens de FNP krijt de Omrop no al te min jild foar in folsleine programmearring en wurdt dat allinnich mar minder. Boppedat binne der plannen om de regionale omroppen te sintralisearjen.
De FNP wol dat Nederlân him hâldt oan de ynternasjonale ôfspraken. De partij wiist ûnder oare op it Europeesk Hânfêst foar Regionale- of Minderheidstalen.