Ljouwerter diseldief oanholden

© ANP XTRA
In 27-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan moandei op tiisdei oanholden foar it stellen fan disel op it Torenplein yn Surhústerfean. Doe't de plysje de auto kontrolearre rûkten se in sterke geur út de kofferbak kommen. Der leinen twa jerrycans mei disel en in slange. Ek fûn de plysje koper, aluminium en stiel yn 'e auto. It rydbewiis fan de Ljouwerter blykte al earder ynfoardere te wêzen en de auto wie net fersekere. Ek hie er noch foar 900 euro oan boetes iepenstean. De disel en metalen binne yn beslach naam. De fertochte sit noch fêst.