Van der Veen opnij listlûker

12 nov 2013 - 10:17

Wethâlder Marten van der Veen wurdt op 'e nij listlûker fan de FNP yn Achtkarspelen. Alteast as de leden fan de partij dat goed fine. Van der Veen lûkt al 32 jier de karre foar syn partij. Dêrtroch ken er de ynwenners en witte de minsken him ek te finen, lit er witte. Van der Veen wol him de oankommende fjouwer jier ynsette om fan ûnderút de mienskip sterker te meitsjen en de foarsjennings op it plattelân te behâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)