Fryske Anjer foar Hettinga

12 nov 2013 - 09:55

De Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân giet dit jier postúm nei de yn maart ferstoarne dichter en sjonger Tsjêbbe Hettinga. Dat hat de provinsje witte litten. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma rikt de Fryske Anjer op 6 desimber út oan de soan en dochter fan Hettinga.

De Fryske Anjer giet alle jierren nei in persoan, feriening of ynstelling dy't him ynsetten hat foar de Fryske kultuer. De priis bestiet út in spjelde, in oarkonde en 2500 euro.

Hettinga krige foar syn wurk talleaze prizen, sa as yn 2001 de Gysbert Japicxpriis. Ek wûn hy trije kear de Rely Jorritsmapriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)