Provinsje besjocht sâltwinning

De provinsje sil nochris goed sjen nei de gefolgen fan de sâltwinning foar de natoer op it Waad, sa seit deputearre Sietske Poepjes. Sy docht dat nei oanlieding fan nij ûndersyk fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee yn opdracht fan Natuurmonumenten en de Waadferiening. Dêrút docht bliken dat de boaiemdelgong troch de sâltwinning ûnder it Waad yn it westlik part grutte gefolgen hat foar benammen mientsen en bercheinen. Moandei is dat rapport oanbean oan de Twadde Keamer.
It Ryk moat noch tastimming jaan foar de sâltwinning.