Fraude mei skarrelaaien

Aaien © ANP
Der is foar 800.000 euro beslach lein op bankrekkens fan fjouwer bedriuwen dy't fertocht wurde fan fraude mei aaien. Ien fan dy bedriuwen is in lishinbedriuw yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. Neffens fakblêd Boerderij soe it om in bedriuw op De Haule gean. In wurdfierder fan it funksjoneel parket fan it Iepenbier Minstearje woe dat net befêstigje.
It Fryske bedriuw soe yn 2009, 2010 en 2011 gewoane aaien ferkocht hawwe as skarrelaaien. Se soene te folle hinnen de fjouwerkante meter omrinnen hawwe foar it predikaat skarrelaai.
It Iepenbier Ministearje beskuldiget de direksjes fan de fjouwer pikebedriuwen dat se gearwurke hawwe. Njonken it iene lishinbedriuw yn Fryslân soene der noch twa oare lishinbedriuwen wêze en ien aaibriedbedriuw. De aaibriederij ferkocht neffens it IM mear hinnen oan de lishinbedriuwen as op de faktueren stie. Omdat der mear hinnen op de fjouwerkante meter omrûnen, hiene se minder romte en dêrtroch mochten de aaien net as 'skarrelaaien' of as 'frije-útrin-aaien' ferkocht wurde.Wannear't de saak foarkomt is noch net bekend.