Advokaten lizze it wurk del

Troch it hiele lân hinne lizze advokaten moandei it wurk del út protest tsjin de besunigingsplannen fan steatssekretaris Teeven. By ferskate rjochtbanken binne manifestaasjes. Sa komt in groep advokaten yn toga nei it gerjochtsgebou yn Amsterdam. Ien fan harren is Hans Anker. De advokaten protestearje ûnder oare tsjin de foarnommen besunigings op de finansieerde rjochtsbystân. De Nederlandse Vereniging van Strafrechtadvocaten tinkt dat sa'n trijehûndert strafrjochtadvokaten meidogge oan de protesten fan moandei.