Lotte van Beek pakt rekôr Wüst

Lotte van Beek © awfoto.nl
Lotte van Beek hat op de 1000 meter it nasjonale rekôr fan Ireen Wüst út 2007 (1.13.83) ferbettere. Op it wrâldbekeriis fan Calgary kaam Van Beek yn 1.13.36 oer de streek. Dat wie krekt net genôch foar de winst. Dy wie foar Heather Richardson yn 1.13.23. Brittany Bowe waard tredde yn 1.13.70. Margot Boer waard sechsde yn 1.14.36, Ireen Wüst sânde yn 1.14.46. Manon Kamminga makke har debút en ried in pr fan 1.16.03, goed foar it 18e plak. Nasjonaal kampioene Marrit Leenstra kaam troch sykte net yn aksje.