Brûns foar shorttrackmanlju

Niels Kerstholt, Freek van der Wart en Sjinkie Knegt by de ploegepresintaasje © ANP
De Nederlânske shorttrackers hawwe snein it brûns pakt op it ûnderdiel ôflossing by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Turijn. Nettsjinsteande in falpartij fan Sjinkie Knegt yn de foarlêste ronde slaggen Daan Breeuwsma, Freek van der Wart, Niels Kerstholt en Knegt deryn Italië achter harren te hâlden.
Knegt gong ûnderút by it gefjocht om it twadde plak, wêrby't er it lykwicht ferlear. It goud gong nei Kanada, it sulver wie foar Ruslân.