Lêste dei Filmfestival

10 nov 2013 - 16:54
  • Noordelijk Film Festival 2013

De 34e edysje fan it Noordelijk Film Festival is snein de lêste dei yngien. Nei in jier fan ôfwêzigens is it benammen spannend hoefolle besikers oft der komme. Eardere edysjes fan it 5-daagse evenemint lutsen 25.000 filmsjoggers. Hoefolle filmleafhawwers oft der dit jier west hawwe, kin de organisaasje noch net sizze, al binne se foarsichtich optimistysk.

Takom jier is der wer in nije edysje fan it filmfestival yn Ljouwert. De organisaasje hopet dan op mear gearwurking mei bûtenlânske filmfestivals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)