Lykspul foar FVC yn Hoogeveen

FVC hat snein mei 2-2 lykspile tsjin Hoogeveen. Yn Hoogeveen sette Ruurd Algra de Ljouwerters op foarsprong. Fuort nei rêst kaam Hoogeveen op likense hichte. De thúsploech moast mei tsien man fierder nei in reade kaart. Nettsjinsteande de man-minder-situaasje slagge Hoogeveen deryn om de foarsprong te nimmen. Op jacht nei de lykmakker wie it Geert Faber dy't FVC in kertier foar de ein mei in fier ôfstânsskot de einstân op it boerd sette.
Claudio Tavares rûn in swiere blessuere oan syn skonk op. Hy moast mei de ambulânse fan it fjild.